ANNEKE DOUMA - FRYSKE SJONGERES

Anneke Douma stiet wol bekend as de keninginne fan it Fryske liet.
 
Sy waard ferneamd doe't hja by it doedestiids tige populêre orkest fan de akkordeonist Pier Sambrink, "De Sambrinco's" kaam.
Har earste solosingle wie in joadelliet, "De Joadelskoalle"
Letter is de kryst-CD "As in Stjer" opnommen.
It album hie meast orizjinele stikken, ûnder oaren in duet mei minister Annemarie Jorritsma en in duet mei Piter Wilkens, dy’t ek in stikmannich ferskes skreau.
Nei de grutte hit "It Woanskip" brocht se yn july 1996 har cd-album "Op Aventoer" út, mei ûnder oaren in útfiering fan "It Frysk Folksliet". By de Alvestêdetocht fan jannewaris 1997 waard Anneke Douma lânlik bekend mei it nûmer "Bonkefeart", in soarte fan "Alvestêdeliet".

Anneke hat in sterke foarkar foar it Frysktalich materiaal.
Sy hat faak teksten en muzyk fan de yn 1993 te jong ferstoarne tekstdichter Anne van der Mark fan Koatstertille brûkt. Har repertoire bestiet út bekende, smûke, âlde en nije lietsjes.
 
Anneke stiet noch regelmjittich op it poadium. Ek hat se ferskate projekten dien sa as it Fryske Sjongers Gala en optredens mei de Fryske Troubadours.
Har lêste projekt is it yn novimber 2015 út ein sette konsert "In Libben fol Muzyk".
Hjirfan is yn e hjerst fan 2016 een hiele moaie CD útkaam.
De singels Padam Padam en It Lytse Kafee wiene al earder op de radio te hearren.

Anneke hat twa dochters: Agnes en Heidi. Mei dochter Agnes Sambrink treedt Anneke faak op.